27 May, 2018
15:00
Kerk, Hichtum

Smûk konsert yn Hichtum foar Tadzjikistan

Op snein 27 maaie is der om 3 oere de middeis wer in smûk konsertsje yn ’e tsjerke fan Hichtum foar it wurk fan ’e Stifting Stype Tadzjikistan. It konsert wurdt organisearre troch Baroktrio Thâ Thrîa, dat bestiet út Arjen Versloot (fioele), Baukje Westra (fluit) en Liuwe Westra (klavesimbel). Dizze kear wurdt ek meiwurke troch Piet Vessies op oargel en sjongeres Klaske Atema.

It pegramme is ôfwikseljend en tagonklik. Ut ’e barok klinke û.o. sprankeljende blokfluitmesyk fan ’e Ingelske komponist Woodcock en fierders wurk fan Telemann, Händel en Bach; der klinke lieten fan Gysbert Japiks, César Franck en Rossini, en op oargel stikken fan Charles Wesly en Joseph Haydn.

De tagong is fergees, de opbringst is ornearre foar it wurk fan ’e Stifting Stype Tadzjikistan foar in tehûs foar hendikepte bern yn Tadzjikistan. Foar mear ynfo, sjoch www.stichtingstype.nl. En nei de tiid is der in bakje kofje of tee mei wat derby!